Deadlik ûngelok yn Easterwâlde

13 okt 2009 - 20:32

By in oanriding yn Easterwâlde is tiisdeitemiddei in fytser om it libben kommen. It slachtoffer stuts de Venekoterkrusing yn it doarp oer, mar seach dêrby in wite bestelbus oer de holle.

De sjauffeur fan de bus koe in botsing net foarkomme. Oer de identiteit fan it slachtoffer hat de plysje noch neat bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)