Topsport kin yn Ljouwert Súd

13 okt 2009 - 20:30

Der binne goeie kânsen foar in nije sporthal foar topsporters oan de súdkant fan Ljouwert. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de gemeente Ljouwert nei de mooglikheden foar in sportkompleks yn de nije wenwyk De Súdlannen.

De ûndersikers sjogge ek kânsen foar in nije iishal, mar allinnich as de besteande iishal by it WTC Expo goed ferkocht wurdt. In nij swimbad kin allinnich as it besteande swimbad De Blauwe Golf tichtgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)