Gjin moarnsbrochje op skoalle

13 okt 2009 - 20:09

Bern yn Ljouwert krije net de mooglikheid om moarns op skoalle te iten. De PvdA en de ChristenUnie woene dat graach, mar it kolleezje fan B & W fynt it net in taak fan de gemeente.

It komt no regelmjittich foar dat bern sûnder iten op skoalle komme. Dat is net goed foar de learprestaasjes. De gemeente hat der wol mei de skoallen oer praten, mar fynt dochs dat de âlden fan it bern sels ferantwurdlik binne. It kolleezje fan B & W fynt it better om foarljochting te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)