Boete easke deadlik ûngelok

13 okt 2009 - 19:34

It Iepenbier Ministearje easket in boete fan 750 euro tsjin in man (72) út Dearsum. De man hat op 8 july 2008 in deadlik ûngelok feroarsake op de A28 by Staphorst. Twa minsken kamen dêrby om it libben. Ek easket it IM dat de man it rydbewiis fjouwer moannen ûnder betingst kwytreitsje sil.

De Dearsumer soe by it ynheljen fan in frachtwein gjin rekken hâlden hawwe mei in efteropkommende auto. Dy auto kaam yn de sleat telâne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)