Net mear TBC yn Appelskea

© Omrop Fryslân
By it ûndersyk fan de GGD nei in TBC-besmetting yn it asylsikerssintrum fan Appelskea binne oant no ta gjin nije gefallen fan de sykte fûn. De TBC waard ferline wike fêststeld by in bewenster fan it sintrum.
De ôfrûne dagen binne de minsken ûndersocht dêr't de frou it measte kontakt mei hie. Sy hawwe de sykte dus net. It ûndersyk giet no fierder by de minsken dêr't de frou wat minder faak mei omgie.