Luca held fan Weststellingwerf

13 okt 2009 - 15:44

De 14-jierrige Luca Veenman út Wolvegea is tiisdeitemiddei útroppen ta held fan Weststellingwerf. Luca is in held om't er op 1 maaie fan dit jier de 11-jierrige Robin rêden hat. Luca seach dat Robin help nedich hie doe't er mei syn skonk fêst siet oan in punt fan in stek.

De plysje fan Wolvegea hat Luca oanmeld as held. Boargemaster Van Klaveren sette Luca tiisdei yn it sintsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)