Ek DSB-reedriders yn ûnwissens

Henk Heetebrij út Frjentsjer wurket al sa'n tsien jier by DSB. Hy soarget foar de reedridersploegen en it maratonreedriden, dy't troch de DSB-bank sponsore wurde. Yn dy funksje hat er ek in soad kontakten mei de reedriders. Dy steane oan it begjin fan in wichtich seizoen, mei ûnder oare de Olympyske Winterspelen.
It giet net allinne om de langebaanploech mei Sjoerd de Vries en Margo Boer mar ek om bygelyks de Russyske langebaanploech.