Takomst Rinsma State ûndúdlik
De finansjele problemen by de DSB Bank fan Dirk Scheringa soargje derfoar dat de takomst fan Rinsma State yn Driezum ûndúdlik wurden is.
It âlde gemeentehûs fan Dantumadiel waard in pear jier lyn foar sawat twa miljoen euro kocht troch de bankier en folslein opknapt. It is sûnt koart ek ek in troulokaasje.