'Net folle skea foar toerisme'

© Omrop Fryslân
De ferheging fan de erfpacht hoecht gjin grutte gefolgen te hawwen foar it toerisme op de eilannen. Dat tinkt de Skylger VVV-direkteur Roelan Schroor. Minister Verburg fan Lanbou is fan doel om de erfpacht dy't ûnder oare besitters fan rekreaasjewenten betelje ekstreem te ferheegjen. Hast wol mei 700 prosint.
Boargemaster Jurrit Visser tinkt dat rekreaasje-ûndernimmers dit net te boppe komme en dat it toerisme deabliede sil.