Boete foar deaknipen kanarje

© Omrop Fryslân
De rjochtbank hat in ynwenner fan Dokkum feroardiele foar it deaknipen fan syn kanarje en it lekstekken fan in autobân. Plysjes kamen de deade kanarje op it spoar doe't se in besite oan de man brochten. Dat diene se neidat in tsjûge meld hie dat er in bân lekstutsen hie.
It fûgeltsje hong sûnder kopke oan in toutsje by de man thús. Neffens de man hie er de kanarje deamakke, omdat dy net goed mear wie. De rjochtbank sjocht neat yn it ferhaal fan de man.