Stienzer oppakt foar bedriging

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge út Stiens is moandei by Deinum oanhâlden omdat er in 62-jierrige Stienzer bedrige hie. De plysje hie in melding krigen dat it slachtoffer mei de dea bedrige wie.
In tsjûge wie achter de dieder oangien en hie de plysje belle. Doe't dy ferhaal helle, die bliken dat de man út Stiens mei syn frou oan it kuierjen wie, doe't se ynhelle waarden troch de fertochte. Dy slingere de man fan alles nei de holle en fytste doe fierder.