Achttjin fytsers op de bon
De plysje hat by in kontrôle op It Hearrenfean moandeitemoarn achttjin fytsers op 'e bon slingere. Se hiene allegearre gjin ferljochting oan op 'e fyts.
Neist dat se in bekeuring krigen, mochten de achttjin ek net fierder fytse, mar moasten se rinne.