Lilkens om útkomst erfpachtrel

12 okt 2009 - 20:44

Op Skylge en Flylân wurdt mei lilkens reagearre op de útkomst fan de erfpachtkwestje. Moandei besleat minister Gerda Verburg fan LNV dat de priisferheging troch Steatsboskbehear trochgean mei.

Dêr ûntstie safolle opskuor oer, dat Verburg in kommisje ynstelde om de saak te ûndersykjen. De oanbefellings fan dy kommisje hat se moandei lykwols allegear neist har dellein. Boargemaster Visser fan Skylge hat der gjin goed wurd foar oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)