Gjin ekstra stipe lânboumuseum

12 okt 2009 - 15:11

De provinsje wol foarearst net helpe by it realisearjen fan in Nasjonaal Lânboumuseum yn Earnewâld. Heechlearaar Gerard Rooijakkers kaam fan 't wykein mei it idee it Fryske Lânboumuseum in nasjonale status te jaan. Hy rôp de provinsje op om mei inisjativen te kommen. Deputearre Jannewietske de Vries fynt it in prima plan, mar seit ek dat it oan it Fryske Lânboumuseum sels is om soks mei help fan nasjonale partijen foarelkoar te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)