'Mear aksje tsjin fandalisme'

12 okt 2009 - 14:54

It CDA yn Ljouwert fynt dat de gemeente ekstra war dwaan moat om fernielings en oerlêst yn it suden fan de stêd tsjin te gean. Sûnt dit wykein wurdt de Máximaskoalle yn de wyk Suderbuorren yn de wykeinen befeilige.

Dat is dien neidat der de ôfrûne tiid foar sa'n tsien- oant tweintichtûzen euro fernield is. Neffens it CDA hat it neistlizzende Himpens ek lêst fan fernielings. It CDA freget de gemeente om maatregels te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)