Harnzer kok nei Bocuse d'Or

12 okt 2009 - 13:59

Topkok Marco Poldervaart fan restaurant De Gastronoom yn Harns besiket moandei in plakje te krijen yn de Europeeske finale fan de Bocuse d'Or. Dat is in prestisjeuze itensiederswedstriid. Mei fiif oare koks docht er mei oan de Nederlânske finale yn Tilburch. Dêr moatte de dielnimmers ferskate gerjochten meitsje mei yngrediïnten dy't troch de organisaasje útsocht binne.

Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa't nei de Europeeske finale mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)