Lânboumuseum as ryksmuseum

12 okt 2009 - 12:23

It Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld sjocht it wol sitten om nasjonaal ryksmuseum te wurden. Heechlearaar Gerard Rooijakkers kaam dit wykein mei it foarstel op in gearkomste yn it lânboumuseum. Rooijakkers is lid fan de kultuerried dy't minister Plasterk en de Twadde Keamer advisearret.

De heechlearaar is benaud dat lânbou yn it Nasjonaal Historisch Museum yn Arnhem net genôch oandacht krijt. Dus leit der neffens him in kâns foar Fryslân, want hjir is in lânboumuseum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)