PvdA: Priisfraach foar hierhûs

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter PvdA wol dat de gemeente in priisfraach útskriuwt foar moaie sosjale hierwenten. Yn Ljouwert is ferlet fan sa'n fjouwerhûndert goedkeape hier- en keapwenten.
De PvdA is benaud dat dat sjoen de ekonomyske situaasje goedkeap-eagjende wenten wurde. Troch in priisfraach ûnder arsjitekten út te skriuwen tinkt de PvdA dat foarkomme te kinnen. It winnende ûntwerp moat neist moai ek duorsum wêze.