Studinten kape NHL-domeinnamme

Aksjefierende studinten hawwe de domeinnamme NHLHogeschool.com kaapt. De studinten brûke it domein foar in ludyk 'protestblog' tsjin it belied fan it Kolleezje fan Bestjoer.
De studinten fine it apart dat it bestjoer miljoenen útjout oan nijbou en tonnen oan in nije hússtyl, mar net in tientsje oer hat foar de domeinnamme dy't heart by de nije namme fan de hegeskoalle, sa skriuwe de studinten yn harren parseberjocht.