Krityk FNP op asfaltsintrale

© Omrop Fryslân
FNP-Ljouwert is kritysk oer it plan foar in asfaltsintrale by Ljouwert. De sintrale moat boud wurde op it nije bedriuwsterrein Nieuw Stroomland. Dat terrein moat in duorsum karakter krije. De FNP freget him ôf oft de sintrale wol duorsum is en oft it net om swiere yndustry giet.
As de wyn út it westen komt dan blaast de reek fan it fabryk oer de stêd Ljouwert hinne. De FNP is benaud dat it plan foar de asfastsintrale del komt op in twadde REC-affêre.