Jelmer Pietersma 2e yn Eijsden

11 okt 2009 - 16:46

Mountainbiker Jelmer Pietersma fan Balk is snein yn Eijsden twadde wurden by it Nederlânsk kampioenskip maraton. Neffens de winner, ploechgenoat Bart Brentjens, wie Pietersma de sterkste man yn de koers.

Omdat Brentjens in lekke bân krige, joech Jelmer Pietersma in tsjil fan syn fyts oan Brentjens. Dêrtroch kaam er as twadde oer de einstreek, op seis minuten fan de winner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)