Befeiliging by Máximaskoalle

11 okt 2009 - 16:29
  • Finsterbanken fernield by de Máximaskoalle

Om in ein te meitsjen oan in weach fan slimme fernielings oan de Máximaskoalle yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren is dit wykein in befeiligingsbedriuw ynset.

Ek krijt de skoalle kamerabefeiliging en wurdt it plein achter de skoalle ferljochte. De ôfrûne moannen wurde de fernielings hieltyd slimmer. It begûn mei ôffal op it plein, mar yntusken binne der al fjouwer ruten sneuvele, binne finsterbanken stikken makke, is der poep op de muorren smard en mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)