Slim ûngelok by Dearsum

Foto: Anton Kappers
By in oanriding op de Blankendalwei by Dearsum binne sneontemiddei meardere minsken ferwûne rekke. In 27-jierrige frou út Snits rekke mei har auto troch ûnbekende oarsaak op 'e ferkearde kant fan 'e dyk.
In 34-jierrige man út Rosmalen koe in oanriding net mear foarkomme. De frou út Snits is foar ûndersyk mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Dat barde ek mei de man út Rosmalen en de oare minsken yn 'e auto, wêrûnder in swangere frou.