Andrea Deelstra twad yn Grins

© Omrop Fryslân
By de fjouwer milen fan Grins mei 17.000 atleten, fierwei it grutste rinevenemint fan it Noarden, is Andrea Deelstra as twadde Nederlânske op it sânde plak einige. De rinster fan AV Hearrenfean siet twa tellen efter Merel de Knegt.
De earste fiif rinsters wiene fan bûtenlânske komôf. Yn de kategory 34-44 jier kaam Ylona Kruis fan Ysbrechtum as twadde oer de einstreek.