Mishanneling yn Beetstersweach

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 19-jierrige Drachtster en in 19-jierrige man út Boarnburgum oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging en in 17-jierrige jonge út Beetstersweach foar it net foldwaan oan in befel.
Om 00:30 oere hinne krige de plysje in melding dat in persoan op de Kampen yn inoar slein wie troch in groep jongeren. Op basis fan it sinjalemint koe de plysje de jonges fine op it Buorskip.