Portier slein mei barkruk

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan sneon op snein oanholden op fertinking fan fernieling. Earder dy jûn hie de man in portier fan in hoarekagelegenheid op de Weaze mei in barkruk slein.
De portier hat hjir oanjefte fan dien. De fertochte kaam letter dy jûn werom nei de hoarekagelegenheid en sloech de ruten fan de foardoar derút. De alarmearre plysje koe de Ljouwerter yn de Reigerstrjitte oanhâlde foar fernieling. Hy is ynsletten op it buro.