Mariska hellet einstreek net

11 okt 2009 - 15:01
  • Mariska by in rin yn Rotterdam (argyffoto)

Mariska Kramer fan Drachten hat snein de einstreek net helle fan de maraton fan Eindhoven. Se soe in oanfal op har persoanlik rekôr dwaan, mar op 30 kilometer krige se lêst fan de foet.

Healwei de race op 21 kilometer krige se lêst. Se tocht oan in blier. By de besite oan de EHBO waard konstatearre dat der mear oan 'e hân wie. Se is no yn it sikehûs om foto's meitsje te litten. It is noch net wis oft se oer fjouwer wike de maraton fan Skylge rinne kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)