Netlog no ek yn it Frysk

11 okt 2009 - 14:51

Fan 1 septimber ôf beskikt Fryslân oer in folslein Frysktalich online sosjaal netwurk: Netlog. Op it stuit binne der al 486 brûkers aktyf. Netlog hat oer de hiele wrâld goed 54 miljoen brûkers en ûnderskiedet him fan oare netwurken troch brûkers sa folle mooglik de rûmte te jaan om yn de eigen taal te kommunisearjen.

Dat wie ek de reden wêrom't de stúdzjeferiening Skanomodu mei it fersyk kaam om in Fryske ferzje te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)