Suksesfol koarefestival

It Zuidoosthoek Korenfestival sneon yn it Flechtwurk yn Noardwâlde wie in sukses. Op it festival treden 19 koaren út Súdeast-Fryslân op. Yn de teaterseal sieten 200 besikers. Boargemaster Gerard van Klaveren iepene it koarefestival.
Hy liet mei in koar it nûmer 'You really got me' fan The Kinks hearre. Alle koaren songen fjouwer nûmers en de fariaasje wie grut. As yntermezzo treden de streektaalartysten Johan Veenstra en Jan Oosterhof op.