Sven Kramer wer yn aksje

Sven Kramer (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer hat foar it earst dit reedrydseizoen in tiid delsetten. By KNSB-wedstriden sneon yn Thialf ried de wrâldkampioen de 3000 meter yn in tiid fan 3.45,48. Dat wie fjouwer sekonden stadiger as syn persoanlike toptiid fan 20 desimber ferline jier.
Kramer, dy't snein mei de TVM-ploech foar in trainingsstaazje nei Erfurt giet, kaam allinnich út op de 3000 meter. Ireen Wüst wie mei 1.59,71 de rapste op de 1500 meter. Ploechgenoate Marrit Leenstra waard twad yn 2.03,21.