Bekeuring ôffal Skiermûntseach

It strân fan Skiermûntseach
Minsken op Skiermûntseach kinne tenei in bekeuring krije at se har ôffal yn de ferkearde konteners dogge. Neffens de gemeente komt it foar dat húshâldlik en bedriuwsôffal yn de konteners by it strân dien wurde.
Dy konteners binne lykwols allinich bedoeld foar strânôffal en oar swalkôffal. Dêrnjonken wurdt der ek wolris grof ôffal, lykas in matras, yn sokke konteners smiten. As dat wer foarkomt, dan docht de gemeente oanjefte by de plysje.