Flyers winne nei ferlinging

Foto: Martin de Jong
De Hajé Flyers ha de iishockeywedstriid tsjin Nijmegen nei ferlinging wûn. Nei de reguliere trije perioaden stie it op it iis fan Thialf 4-4. De earste perioade wie foar de gasten: 3-1. De twadde perioade krige deselde stân, mar no yn it foardiel fan de Flyers. Yn de tredde perioade foelen gjin doelpunten.
Jamie Visser brocht yn de ferlinging de oerwinning by de Feansters. De oare goals wiene fan Paul Vincent, John Gordon en Michael Nason (2).