Streetparade yn Ljouwert

Yn it sintrum fan Ljouwert wie sneontemiddei wer de tradisjonele Streetparade. It is de opmaat foar de Ljouwerter taptoe, dy't sneontejûn yn it WTC Expo plakfynt.
Dêr docht in ferskaat oan korpsen út Nederlân oan mei. Ek is der ynternasjonale dielname út België. By de Streetparade rinne de korpsen dwers troch it winkelhert fan 'e stêd. It is dit jier alwer de 36e edysje fan taptoe Ljouwert, ien fan 'e grutste fan Nederlân.