Lânboumuseum wurdt nasjonaal

10 okt 2009 - 15:31
  • Sympoasium yn Earnewâld

It earste nasjonale lânboumuseum moat yn Earnewâld komme. Dat fynt alteast heechlearaar Rooijakkers, dy't de minister fan kultuer hjiroer advisearret. Hy sei dat sneon op in sympoasium yn it lânboumuseum fan Earnewâld.

Nederlân hat op it stuit noch gjin nasjonaal lânboumuseum. Fryslân soe dêr neffens Rooijakkers hiel geskikt foar wêze. Om't ús provinsje folle grutsker is op it lânbouferline yn ferliking mei oare provinsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)