Aksje foar stasjon Marrum

10 okt 2009 - 14:57

Marrum hat sneontemiddei aksjefierd foar it behâld fan it âlde stasjonsgebou by it doarp. It gebou is seis jier lyn folslein restaurearre, mar stiet sûnt dy tiid leech.

De hjoeddeistige eigner hat al in oantal jierren neat mear oan it ûnderhâld dien, wêrtroch't it gebou fertutearze is. De doarpsbewenners fine dat net akseptabel. De ludike aksje moat feroaring yn de saak bringe. De Marrumers skeakelje ûnder oare RTV Noord yn om de eigner te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)