Asfaltfabryk yn enerzjypark

10 okt 2009 - 14:22

Dikenbouwer Oosterhof-Holman wol yn Ljouwert-west in duorsume asfaltfabryk bouwe, dat seit algemien direkteur Harm Beerda fan Oosterhof-Holman. Dat soe dan komme moatte op it nije enerzypark Nieuw Stroomland.

De asfaltfabryk wurdt ûnderdiel fan in grutter gehiel oan aktiviteiten op it nije enerzjypark. Moandei wurde de plannen fan Oosterhof-Holman en ûnder oaren de Grontmij op it provinsjehûs presintearre. Jûns is der dan in byienkomst foar de omwenjenden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)