Oerlis fuotbalfjild Bolswardia
De gemeente Boalsert docht syn uterste bêst om it nije keunstgersfjild fan fuotbalferiening Bolswardia sa gau mooglik bespylber te meitsjen. Freed waard bekend dat de KNVB it fjild ôfkard hat en dat it dêrtroch dit wykein noch net brûkt wurde kin.
De gemeente oerleit nije wike mei de oannimmer en de KNVB oer wat der dien wurde moat om it fjild wol brûke te kinnen.