Trochriden nei ûngelok

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige man út Drachten is ôfrûne nacht oanholden op fertinking fan trochride nei in ûngelok. De man hat yn it Grinzer Mearum nei alle gedachten by it fuortgean in kuierder rekke.
Omstanners notearren it nûmer en merk fan de auto en bellen de plysje yn Grins. Dy skeakele de plysje yn Drachten yn. De Drachtster moast mei nei it plysjeburo, mar mocht nei it ferhoar en it opmeitsjen fan in proses-ferbaal wer nei hûs.