Akkoart sosjaal plan Tichelaar

De sân meiwurkers dy't dien krije by ierdewurkfabryk Tichelaar yn Makkum wurde troch it bedriuw yntinsyf begelied by it finen fan nij wurk. Dat stiet yn it sosjaal plan dat de fakbûnen freed oerien kaam binne mei de direksje. De sân krije dien omdat Tichelaar der finansjeel min foar stiet.
Yn it plan wurdt ek finansjele kompensaasje regele foar de minsken dy't dien krije. Fanwege de minne finânsjes is dy kompensaasje beheind.