Monumintestifting 'erkend'

09 okt 2009 - 19:34

Hieltyd mear monumintestiftings yn Fryslân kinne makliker oanspraak meitsje op jild fan it Ryk foar restauraasjes. Dat komt omdat se troch de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed offisjeel erkend wurde. Freed krige de Stichting Monumentenbehoud Dongeradeel as tredde yn Fryslân dy erkenning.

It brief mei de erkenning waard de stifting freed oerlange troch direkteur Cees van 't Veen fan de rykstsjinst. Yn Nederlân binne santjin monumintestiftings offisjeel erkend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)