Feanwâlden bestriidt trekkers

Gefaarlike situaasjes troch trekkers
Trekkers moatte foarearst gewoan troch Feanwâlden hinne ride. Dat seit de provinsje. Doarpsbelang Feanwâlden wol gjin trekkers mear yn it doarp. It fynt it te gefaarlik. Se ride geregeld spegels fan parkearde auto's stikken en doarpsbelang is benaud foar ûngelokken mei fytsers of kuierders.
Doarpsbelang wol graach dat de trekkers oer de rûnwei om it doarp hinne ride, mar dat wol de provinsje net omdat trekkers mar 25 kilometer yn 'e oere ride meie.