Wenbeurs Drachten ôfsein

09 okt 2009 - 16:44

De wenbeurs yn Drachten giet dit jier net troch. Dit kear hiene ûndernimmers folle minder ynteresse neffens de trije foargeande edysjes. Organisator Alfred Knorr fynt dat de finansjele krisis goed te fernimmen is.

Trochdat sa folle bedriuwen ôfseine, koe de beurs net mear nijsgjirrich wêze foar besikers. De beurs soe fan 30 oktober oant 1 novimber hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)