Nije foarsitter homoplatfoarm

© Omrop Fryslân
Lenie Lap is de nije foarsitster fan Homoplatfoarm Fryslân. Se is al jierren aktyf foar de wurkgroep Geloof en Homoseksualiteit.
It platfoarm wol him de kommende tiid better sjen litte as platfoarm en dêr aktiviteiten foar ûntwikkelje. De nije foarsitster sil har dêrfoar ynsette. Se nimt de taken fan ynterim-foarsitter Cees van Balen oer.