Nije gamestudio yn Ljouwert

Studio Gameship yn Ljouwert
De modernste animaasje- en videogame-studio fan Europa stiet sûnt ôfrûne moanne yn Ljouwert: Gameship. In miljoenefilm as bygelyks Lord of the Rings koe allinne makke wurde troch in spesjale technyk, de saneamde motion capture. Dat is in kompjûteranimaasje mei help fan opnamen fan echt beweegjende minsken.
Oant no wie dat foarbeholden oan Hollywood, sûnt koart is it ek mooglik by gameship yn Ljouwert, de meast moderne tv- en gamestudio fan Europa.