Fersetsman Faber ferstoarn

09 okt 2009 - 15:28

Yn Kanada is op 90-jierrige leeftyd Lykele Faber ferstoarn. Faber organisearre mei Peter Tazelaar oan de ein fan de oarloch it Frysk ferset. Beide waarden yn novimber 1944 dropt by Haskerhoarne. Faber fersoarge de radioferbinings en Tazelaar hâlde him dwaande mei it ferset.

Beide hawwe oant de ein fan de oarloch yn Fryslân bivakearre. Faber wie ek behelle yn de slach om Arnhem. Hy waard dêr dropt om it radiokontakt foar de Amerikanen te fersoargjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)