Bybaantsje foar Jorritsma

09 okt 2009 - 14:46

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat der in bybaantsje by. Hy is foarsitter wurden fan de ried fan tafersjoch fan de 'Maag, Lever en Darm'-stifting. Jorritsma wol him ynsette foar mear bekendheid fan dy stifting.

Yn Nederlân hawwe sa'n twa miljoen minsken te krijen mei mage-, lever- en termproblemen. De stifting jout foarljochting en subsidiearret ûndersyk nei it foarkommen en genêzen fan datsoarte sykten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)