Eigen doarpswachten gemeenten

© Omrop Fryslân
Kollumerlân en Achtkarspelen nimme sels trije doarpswachten oan, omdat de gearwurking mei fiif oare gemeenten yn Noardeast-Fryslân stikkenrûn is.
Der wie oars in gearwurkingsferbân mei de saneamde NOVA-gemeenten en Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim. Dat is útelkoar fallen, omdat Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim earder dit jier wat oars woene. Kollumerlân wol de doarpswachten lykwols net kwyt en nimt se no sels oan, yn de mande mei Achtkarspelen.