Ballonfarre mei rolstoel

09 okt 2009 - 13:25

De grutte winsk fan Ritske van der Meer út Grou kaam freed út. Yn 1993 bedarre hy nei in autûngelok mei in dwerslesy yn in rolstoel. Dochs woe er graach ris ballonfarre.

It ballonfeartsintrum op de Jouwer hat sûnt koart in koer oankocht dêr't in spesjale konstruksje yn sit mei plak foar in rolstoel. Sa kinne minsken mei in beheining ek ris in ballonfeart meitsje, al moatte se wol efkes flink ta de beurs. Freed wie de Fryske primeur by Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)