Keunstfjild Bolswardia ôfkard

09 okt 2009 - 12:21

It nije keunstgersfjild yn Boalsert foldocht net oan de easken fan it fuotbalbûn KNVB. Der mei dêrom net op spile wurde. Dit wykein soene de earste wedstriden op it Bolswardia-fjild spile wurde. Dat giet net troch.

De gemeente Boalsert is ferbjustere. Neffens de gemeente wiene der goede ôfspraken makke oan hokker easken it fjild foldwaan moast. De gemeente wol it probleem sa gau as mooglik út de wrâld hawwe en giet nije wike mei de oanbelangjende partijen yn oerlis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)