Fragen rol provinsje Sportstad

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan GrienLinks hat fragen steld oer de rol fan de provinsje by Sportstad Heerenveen. Der wurde op It Hearrenfean allerhande plannen ûntwikkele sûnder dat de rol fan de provinsje dúdlik is.
De fraksje is bang dat der daliks allinnich mar ja of nee sein wurde kin, sûnder dat de provinsje ynfloed op de plannen hat of wit wat de finansjele gefolgen binne. GrienLinks wol dat foar wêze.